De Lawei wachtet op útspraak

03 okt 2014 - 11:17
  • De Lawei wurdt ferboud

Skouboarch de Lawei is yn ôfwachting fan de útspraak fan de Raad van Arbitrage voor de Bouw, oer it konflikt tusken de Drachtster skouboarch en boubedriuw Van Norel. It giet oer de fraach wa't it bedrach fan 3,7 miljoen euro foar de ekstra boukosten betelje moat. De Lawei wol dat it bouterrein wer frijjûn wurdt, sadat de ferbouwing ôfmakke wurde kin troch in oare oannimmer.

De Lawei hat earder it kontrakt mei Van Norel opsein, om't se net tefreden binne oer de renovaasje fan it teater en de muzykskoalle.

Boubedriuw Van Norel is it net mei de klachten iens, makket gebrûk fan it retinsjerjocht en hat it bouterrein op slot dien. De Lawei hopet dat mei de útspraak fan de ried fan arbitraazje it retinsjerjocht der ôf giet. Foar it ôfmeitsjen fan de ferbouwing hat de Lawei twa Fryske oannimmers op it each.

Earder dizze wike besleat de gemeenteried fan Smellingerlân om garant te stean foar 3,7 miljoen euro, mocht de Lawei foar de ekstra kosten opdraaie moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)