De Lawei moannen letter klear

09 sep 2014 - 16:11
  • It tydlike Laweikantoar yn de eardere LTS

Skouboarch De Lawei kin nei alle gedachten pas yn 2015 yn gebrûk nommen wurde. Dat is in pear moanne letter as foarsjoen, want it iepeningsfeest fan de skouboarch wie pland op 18 oktober fan dit jier. Mear as 100 plande foarstellings kinne de kommende moannen net trochgean. Dêrby sitte ek ferskate grutte nammen lykas Jochem Myjer, Freek de Jonge, Chi Coltrane, Brigitte Kaandorp en it Noord-Nederlands Orkest.

Foar dy foarstellings binne mei-inoar 17.500 kaartsjes ferkocht. Alle klanten dy't kaartsjes kocht hawwe krije persoanlik berjocht.

De Lawei sil besykje om in part fan dy foarstellings te ferpleatsen nei alternative lokaasjes. Hjirby wurdt tocht oan 'befreone teaters' lykas it Posthûs Teater op It Hearrenfean en De Harmonie yn Ljouwert. Ek wol De Lawei ûndersykje oft guon foarstellings ek trochgean kinne yn in tinte. Avezaat soe dy tinte delsette wolle achter de eardere ambachtskoalle oan de boargemaster Wuitewei, it tydlike ûnderkommen fan de Lawei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)