De Lauwers moat opknapt wurde

14 aug 2003 - 00:00

Undernimmers op bedriuweterrein De Lauwers yn Surhústerfean sitte te springen om in goede parkear- foarsjenning. Frachtweinen, trailers en oplizzers dy't oan de kant fan de wei stean, soargje foar in soad oerlêst.

De renovaasje fan De Lauwers sil sawat 1,6 miljoen euro kostje. De gemeente Achtkarspelen betellet it grutste part, hast ien miljoen euro. De provinsje wol ek 4 ton bydrage, mar dan moatte de ûndernimmers ek meibetelje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)