De Kuilart is 'Superplatz'

03 feb 2005 - 17:24

Camping De Kuilart yn Koudum is in Superplatz. Dat fine de leden fan 'e Dútse ANWB, de ADAC. De Fryske camping heart by de tolve 'Superplätze' fan Nederlân. Oer hiel Europa krije 71 campings in positive beoardieling.

By de beoardieling telle benammen it sanitêr, de foarsjennings en de boartersmooglikheden mei. Dy moatte goed wêze. Eigner Romke de Jong fan De Kuilart is al in pear jier dwaande om syn camping te ferbetterjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)