De Korte op 'e fingers tikke

09 apr 2010 - 19:26

Biskop De Korte fan it Bisdom Ljouwert/Grins is troch syn kollega, aartsbiskop Van Eijk fan Utert, op syn fingers tikke. De Korte hie kommentaar op it beslút dat inkele ferskes fan ûnder oare Huub Oosterhuis te licht wiene foar de katolike tsjerke.

Ek wie hy net te sprekken oer it sluten fan de prysteroplieding. Van Eijk hat yn in reaksje dêrop in brief oan de oare biskoppen en oan Rome stjoerd. Hjiryn lit hy witte dat De Korte syn kollega's stypje moatten hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)