De kommende wykeinen ferkearshinder by Ljouwert

13 aug 2015 - 12:59
  • Wurksumheden oan de Julianaleane yn Ljouwert
  • Asfaltearwurk oan Ljouwerter diken

Ferkear moat de kommende wykeinen rekken hâlde mei omliedings by Ljouwert. Op fjouwer plakken yn en om de stêd wurdt dizze sneon en snein wurke oan de dyk. It giet om asfaltearringswurk en de lêste wurksumheden oan de berm, fangrail en ferljochting. Sa is de Julianaleane fan takom freed oant en mei snein ôfsletten om't de dyk asfalteard wurdt.

Automobilisten moatte fia de Hendrik Algrawei of fia de Skrâns omride. By Marsum en de Werpsterhoeke binne net alle op- en ôfritten beskikber.

Omride duorret fiif minuten langer. Op de Drachtsterwei is dit wykein mar ien rydbaan beskikber.

Ek de wykeinen dêrop wurdt der oan de Werpsterhoeke wurke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)