DE-kofje skoart min, tee goed

18 apr 2013 - 09:38

De kofje fan Douwe Egberts skoart min, mar de DE-tee Pickwick hiel heech op de ranglist fan duorsumer kofje- en teemerken. Dy list is opsteld troch Rank a brand, in groep konsuminten dy't merken fergelykje en dan sjocht nei duorsumens. Dan giet it bygelyks om hoe't bedriuwen har ynspanne op it mêd fan klimaat, miljeu en de arbeidsomstannichheden yn ûntwikkelingslannen.

Rank a brand ferdielt de kofje- en teemerken yn kategoryen. Yn de heechste falle merken lykas Pickwick en Fair Trade Original.

De kofje fan Douwe Egberts falt yn kategory D. De leechste kategory is E.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)