De Klaproas bestiet 20 jier

28 jun 2008 - 15:38

Multikultureel frouljussintrum de Klaproas yn Ljouwert bestiet tweintich jier. It sintrum fersoarget tal fan kursussen, mar is ek in moetingsplak. It sintrum wie earst allinne foar allochtoane froulju, sûnt twa jier kinne ek autochtoanen der telâne.

De rol fan it sintrum is yn de rin fan de jierren feroare. Hjoeddedei wurde der net allinne naai- en fytskursussen jûn, mar der wurdt no ek besocht de froulju oan wurk te helpen. Sneon wie der in multikulturele jubileummerk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)