De Keet leit op skema

24 jul 2013 - 21:27

De opnamen foar de nije dramasearje De Keet fan Omrop Fryslân en Tryater lizze op skema. Der wurdt no trije wiken filme en oan de ein fan de simmer moat alles opnommen wêze. Neffens regisseur Mirjam de With rint dat goed. Yn De Keet draait it om in groep jongeren dy't alle wiken byelkoar sitte yn in âlde keet. De gongmakker fan de groep krijt in slim ûngelok en komt yn in rolstoel telâne. Yn De Keet giet it oer de ynfloed fan it ûngelok op alle belutsenen. Dizze wike wurdt draaid op in pikepleats yn Tsjom.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)