De Kast sil freed echt 'los'

27 sep 2009 - 11:32
  • Sjonger Syb van der Ploeg fan De Kast (foto: Martin de Jong)

Popgroep De Kast makket freed syn offisjele come-back, mei in optreden by de útrikking fan de Gouden Kalveren, op it Nederlânsk Filmfestival. It earste nije nûmer fan de band is 'De Hel van '63', dat is de titelsong fan de film oer de Alvestêdetocht fan 1963. It nûmer leit yn novimber yn de winkel.

It twadde optreden fan De Kast is op 13 desimber by de premjêre fan de alvestêdefilm. Dat is yn it WTC-Expo yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)