De Kast hâldt echt op te bestean

20 feb 2004 - 00:00

De Kast hâldt definityf op te bestean. Sjonger Jan Tekstra makke dat bekend yn it Omrop-program Faktor Freed. Tekstra folge Syb van der Ploeg op dy't fierder gie mei de band Spanner. Sûnt dy tiid koe De Kast net mear it nivo fan de âlde súksessen benei komme. Ek de nammeferoaring yn De Nije Kast brocht net it ferwachte súkses.

Tekstra is teloarsteld oer de negative reaksjes yn de parse. De leden kinne noch hieltyd goed mei elkoar oer wei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)