De Kast fiert jubileum mei teatertoernee

04 okt 2015 - 11:29

De premjêrefoarstelling fan de nije teatertoernee fan De Kast yn De Lawei yn Drachten wie sneontejûn útferkocht. De Fryske band bestiet 25 jier. Reden foar de popgroep om yn ferskate teaters in programma op te fieren mei bekende nûmers, mar ek dy fan artysten dêr't se earder mei gearwurke ha.

De Kast waard yn de jierren njoggentich hiel populêr mei nûmers as 'In nije dei' en 'Eltse grins foarby'. Ek no noch hat de band in protte fans, sa die bliken yn Drachten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)