De JSF fleant fan 2019 ôf fan de fleanbasis Ljouwert

15 des 2014 - 23:42
  • De nije F35

De JSF, de F-35, fleant fan 2019 ôf fan de fleanbasis Ljouwert. Fan dat jier ôf wurde alle jierren acht tastellen kocht oant Nederlân mei-inoar 37 hat. It tastel ferfangt de F-16. Dat hat minister Hennis fan Definsje de Twadde Keamer witte litten. Neffens definsje sil de F-35 om de fleanbasis Ljouwert hinne net foar ekstra lûdsoerlêst soargje. Dat docht bliken út berekkenings fan it NLR.

It Nationaal Lucht- en Ruimtevaartlaboratorium hat op 'e nij ûndersyk dien nei it leven fan it tastel. Ien fan de útkomsten is dat de saneamde lûdskontoeren om de basis hinne net fierder oanpast hoege te wurden. Dat is goed nijs foar Marsum. Twa wenten dêr't fan tocht waard dat se sloopt wurde moatte, kinne no stean bliuwe. Boppedat sille de fleantugen krekt lykas no it gefal is safolle mooglik om Marsum hinne fleane. De oanskaf fan de F-35 kostet mei-inoar goed 4,5 miljard euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)