De Jouwer 'yn de snie'

18 des 2007 - 17:21
  • It sintrum fan De Jouwer wurdt yn krystsfear brocht

De Jouwer is fersekere fan wite Krystdagen. It sintrum is tiisdei wyt makke mei keunstsnie. In spesjalisearre bedriuw hat dat dien yn opdracht fan de middenstânsferiening fan 'e Midstrjitte.

In pear wike lyn is de keunstsnie úttest op in bedriuwsgebou. Doel wie om te sjen oft it wol goed lizzen bliuwt. De test is goed ferrûn. Op 2 jannewaris wurdt de snie mei biezems wer fuorthelle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)