De Jouwer wint yn Raalte

29 mrt 2005 - 11:48

De Jouwer hat werris in oerwinning helle yn de haadklasse. By Rohda Raalte waard mei 1-2 wûn. Nei fjouwer nederlagen hâldt De Jouwer mei dizze oerwinning dochs oansluting mei de subtop.

De ploech fan trainer Bert Hollander kaam yn de earste helte foar, troch in doelpunt fan Dicky Schuurmans. Raalte kaam tsien minuten foar tiid gelyk, mar Johnny de Jonge makke koart foar tiid de winnende treffer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)