De Jouwer wint SKS silerij by Ealahuzen

24 jul 2015 - 16:18
  • It skûtsje De Oeral Thús fan De Jouwer

It skûtsje Oeral Thús fan De Jouwer mei skipper Dirk Jan Reijenga hat freed it SKS skûtsjesilen by Ealahuzen wûn. Op De Fluezen naam It Lemster skûtsje mei skipper Albert Visser fan begjin ôf oan de lieding. By de fjirde boeirûning naam de Oeral Thús de lieding lykwols oer. De Lemmer einige as twadde, folge troch de Twee Gebroeders fan Langwar mei skipper Johannes Meeter.

It is de earste oerwinning foar it Jouster skûtsje. Klassemintslieder Earnewâld einige as fjirde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)