De Jouwer wint op 'e Iselmar

08 aug 2012 - 17:00
  • SKS Skûtsjesilen

It Jouster skûtsje hat op de earste wedstriiddei by De Lemmer op de Iselmar foar de earste kear dizze kompetysje wûn. Twadde waard titelfavoryt Snits, de Heale Moanne fan skipper Berend Mink kaam as tredde oer de finishline.

De earste start fan de wedstryd wie in massale falske start. Nei de twadde start, dy’t troch de draaiende wyn wat op him wachtsje liet, kaam Snits as earste om de boppeste tonne hinne. De Jouwer helle yn de tredde rûte úteinlik Snits yn en foarkaam hjirtroch in fiifde oerwinning foar de Sneker Pan.

De wedstriid telde neist inkelde lytse oanfarrings ek protesten. Fjouwer skûtsjes kamen úteinlik mei in protestflagge de finish oer.
Under de wedstriid moasten in pear tonnen ferpleatst wurde fanwege de draaiende wyn. Ek de startline moast ferlein wurde foar de twadde start.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)