De Jouwer wint degradaasjeduel

09 apr 2007 - 16:15
  • Abdelkrim Kissi oan de bal, links matchwinner Oebele Schokker (foto Martin de Jong)

Sportklub De Jouwer hat it wichtige duel tsjin MSC-Antaris mei 1-0 wûn. Tsien minuten foar tiid makke Oebele Schokker de winnende goal.

De Jouwer is noch hieltyd ien-nei-lêste mei fiif punten mear as MSC, dat lêste stiet. It ferskil mei nûmer tolve Lienden is seis punten. De ûnderste twa ploegen degradearje streekrjocht. By MSC-Antaris spile Abelkarim Kissi mei, de âld-fuotballer fan sc Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)