De Jouwer wint by De Lemmer

11 aug 2006 - 15:24

It skûtsje fan De Jouwer, mei skipper Allard Syperda, hat tongersdei de SKS-wedstriid by De Lemmer wûn. De skûtsjes fan Grou en Snits leine der lange tiid achter. De striid om it twadde plak waard úteinlik wûn troch Grou.

Snits waard tred, folge troch It Hearrenfean en de Heale Moanne. It Hearrenfean stiet boppe-oan yn it klassemint mei 29,9 punten. Snits en Grou komme dêrachter mei 33,9 punten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)