De Jouwer wer kampioen

04 maaie 2003 - 00:00

Fuotbalklub De Jouwer hat it him wer lapt. De ploech waard snein foar it twadde jier efter inoar kampioen. De Jousters pakten de titel yn de earste klasse F, sadat se oar jier yn de haadklasse útkomme.

De Jouwer wûn by FVC, mei 1-3. Om't konkurrint Be Quick ferlear fan Germanicus, binne de Jousters no al wis fan de titel. De Jousters ha mei 54 punten út 21 wedstriden in poerbêst seizoen draaid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)