De Jouwer útskeakele

22 feb 2004 - 00:00

It is De Jouwer net slagge om de folgende ronde te heljen fan de Amstel Cup. De fuotballers ferlearen thús mei 0-3 fan Achilles '94.

Al foar de wedstriid hie De Jouwer tsjinslach. Keeper Huitema rekke by de warming up blessearre. Syn ferfanger Kooi die yn de earste helte nuttich wurk. Oan it begjin fan de twadde helte wie de wedstriid beslikke. Achilles skoarde doe twa kear en Herder fan De Jouwer waard it fjild útstjoerd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)