De Jouwer ûnderút by Alverna

02 feb 2014 - 16:33
  • In fuotbal

De Jouwer is snein mei 6-0 ûnderút gong tsjin Alverna. Yn it Gelderske Wijchen kamen de Jousters al nei 2 minuten spyljen op efterstân. Fuort nei rêst wie it opnij rekke foar de thúsploech, dy't yn de 46e minút op 2-0 foarsprong kaam. In penalty en in reade kaart makken it noch soerder foar de ploech fan trainer Wieb Rodenhuis. Dêrmei wie it ferset brutsen by De Jouwer en koe Alverna ienfâldich útrinne nei in romme oerwinning.

De Jouwer bliuwt op it lêste plak stean mei 3 punten út 15 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)