De Jouwer ûnderút by Alcides

23 feb 2014 - 15:58
  • In fuotbal

Nûmer lêst De Jouwer hat snein mei 2-0 ferlern fan Alcides. Op sportpark Ezinge yn Meppel pakte de thúsploech al betiid de lieding. Foar rêst waard de marzje troch Alcides ferromme nei 2-0. Nei rêst wisten sawol de thúsploech as de ploech fan Wieb Rodenhuis net mear ta skoaren te kommen. Dêrtroch waard de tuskenstân ek de einstân.

Trocht it ferlies bliuwt De Jouwer ûnderoan stean mei 6 punten út 18 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)