De Jouwer krijt 42 ballonnen

11 jul 2011 - 18:57
  • argyffoto

Der komme dit jier 42 ballonnen by de ballonfeesten op De Jouwer en dat is mear as de ôfrûne jierren. Der dogge dit jier 19 saneamde 'special shapes' mei, dat binne ballonnen mei in hiele aparte foarm, lykas Garfield en in grutte kollektebus. De ballonnen komme rûnom wei, dit jier ek út Brazilië en Ierlân.

De Jouster Ballonfeesten wurde foar de 26e kear hâlden yn de lêste wike fan july.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)