De Jouwer-Grins: krekt net

05 des 2002 - 00:00

It bekertoernoai foar Sportklub De Jouwer is foarby. Nettsjinsteande in foarsprong fan 2-0 ferlearen de Jousters woansdei mei 2-3 fan 'e profs fan FC Grins. De amateurs ferlearen mei eare. Spits Johnny de Jonge makke foar de rêst de beide Jouster goals.

Foar Grins skoarde Sander van Gessel noch foar de rêst 2-1. Nei de rêst ferhege Grins it tempo. Martin Drent skoarde 2-2 en 2-3. De wedstriid waard folge troch 4000 entûsjaste taskôgers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)