De Jouwer ferspilet winst

06 okt 2013 - 16:01
  • De twa alvetallen flak foar it begjin fan de wedstriid

De Jouwer hat snein de earste winst fan it seizoen út 'e fingers glippe litten. Op eigen fjild waard mei 4-3 ferlern fan Alcides. De Jousters begongen poerbêst oan de wedstriid. Ralph Wietses soarge betiid foar de foarsprong. Martijn Dijk makke de 2-0. Foar rêst wie it opnij Wietses dy't foar in komfortabele 3-0 tekene.

Nei rêst soarge in betide treffer foar Alcides foar nije kriich by de gasten út Meppel. Alcides profitearre optimaal fan de reade kaart foar Sjouke Terpstra troch op likense hichte te kommen. Yn de 90e minút foel de deastek.

De Jouwer stiet noch altyd puntleas ûnderoan yn de sneinshaadklasse C. Nije wike moat de ploech fan Wieb Rodenhuis yn Ljouwert oan 'e bak tsjin FVC.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)