De Jouwer ferspilet lêste kâns

16 apr 2010 - 12:29
  • De Jouwer sil nei alle gedachten degradearje

Sneinshaadklasser De Jouwer hat tongersdeitejûn it ynhelduel tsjin Nieuw Buinen mei 3-1 ferlern. Nieuw Buinen is in direkte konkurrint foar degradaasje. De Jouwer hat teoretysk noch in kâns om degradaasje te ûntrinnen. Mar mei noch fiif wedstriden te gean en njoggen punten achterstân op de nûmer ien nei lêst, Babberich, is dat net mear reëel.

Yn de earste klasse fan it sneinsfuotbal spile koprinner FVC mei 1-1 lyk tsjin konkurrint MSC.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)