De Jouwer ferslacht Vitesse-2

06 nov 2002 - 00:00

Earste klasse sneinsamateur De Jouwer hat skiednis skreaun troch de twadde ronde fan de Amstel Cup te berikken. Op eigen fjild fersloech in sterk spyljend De Jouwer Vitesse 2 mei 2-1. Arnold Haanstra wie de man fan 'e wedstriid, hy makke beide Jouster goals.

Op it Jouster sportpark wie spesjaal foar de wedstriid in tydlike ljochtynstallaasje oanbrocht. De Jouwer waard oanmoedige troch in entûsjast thúspublyk, dat in feestje bouwe koe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)