De Jouwer ferliest mei 4-0

11 okt 2009 - 17:00
  • Trainer Gerrie Schouwenaar fan De Jouwer

Sneinshaadklasser De Jouwer hat yn Oldenzaal mei 4-0 ferlern fan Quick '20. De earste 40 minuten hie De Jouwer it bêste fan it spul, krige ek fjouwer grutte kânsen mar it bleau 0-0.

Yn de lêste fiif minuten fan de earste helte makke Quick '20 twa doelpunten. Yn de twadde helte spile De Jouwer ek net min mar rûn efter de feiten oan. De ploech út Oldenzaal makke noch twa doelpunten en brocht de einstân op 4-0. De Jouwer hat ien punt út seis wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)