De Jouwer ferliest flink

22 sep 2013 - 16:14
  • In fuotbal

De Jouwer hat op eigen fjild mei 5-1 ferlern fan Alverna. De thúsploech kaam goed út de startblokken troch in betide goal fan Jurre Hoogeveen. Nei de iepeningstreffer namen de gasten út Gelderlân it inisjatyf lykwols hielendal oer. By rêst stie der in 3-1 foarsprong foar Alverna op it boerd.

Yn de twadde helte gong de doelpuntemasine fan Alverna troch, wêr't De Jouwer it fizier net mear op skerp hie. Nei twa knullige ferdigeningsflaters oan de Jouster kant koe Alverna ienfâldich foar de romme einstân tekenje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)