De Jouwer ferliest fan Be Quick

11 apr 2004 - 00:00

Sportklub de Jouwer hat sneontemiddei op eigen fjild ferlern fan Be Quick út Grins. It iennichste doelpunt fan de wedstriid kaam lyk foar it rêstsinjaal en waard makke troch Kevin Waalderbos.

De Jouwer hie eins mear fertsjinne yn dizze wedstriid om't se in soad goede kânsen krigen. Se wisten lykwols net te skoaren. De keeper fan Be Quick die syn wurk goed. Peaskemoandei komme de spilers fan De Jouwer wer yn aksje, dan tsjin De Bataven.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)