De Jouwer ferliest fan Achilles

01 maaie 2006 - 11:36

Sneins haadklasser De Jouwer ferlear snein yn in spektakulêre wedstriid thús mei 2-4 fan Achilles '29 út Groesbeek. De Jouwer begûn goed, want yn it earste kertier setten René Geertsma en Johnny Dölle De Jouwer op in 2-0 foarsprong. Mar noch foar it skoft makke koprinner Achilles trije goals; de rêststân wie dan ek 2-3.

Yn 'e twadde helte bepaalde Achilles de einstân op 2-4. Snits spile yn en tsjin Babberich mei 0-0 gelyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)