De Jouwer einiget mei lykspul

11 maaie 2014 - 15:59
  • Trainer Wieb Rodenhuis

Degradant De Jouwer hat de kompetysje yn de sneinshaadklasse ôfsletten mei in 3-3 lykspul tsjin Hoogeveen. Op eigen fjild wisten de Jousters lang de nul op it skoareboerd te hâlden. Flak foar rêst kaam Hoogeveen dochs op 1-0 foarsprong.

Nei rêst wreiden de gasten de foarsprong út nei 2-0. Pieter Westra makke de oanslutingstreffer, wêrnei't Hoogeveen de 3-1 op it boerd sette. Opnij wie it Westra dy't foar de oansluting soarge. Niklas Tarvajärvi makke fuort dêrnei de 3-3 en sette dêrmei de einstân op it boerd.

Troch it lykspul komt De Jouwer út op in puntetotaal fan 10 punten en einiget dêrmei op it lêste plak. De ploech fan trainer Wieb Rodenhuis wie in pear wike lyn al degradearre en komt takom seizoen út yn de earste klasse.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)