De Jouwer docht goede saken

04 maaie 2006 - 11:39

SC De Jouwer hat goede saken dien yn de striid tsjin degradaasje. De sneinshaadklasser wûn mei mar leafst 7-2 fan Quick '20 út Oldenzaal. By rêst wie de stân al 4-1.

De doelpunten waarden makke troch Oane Hornstra (3x), Johnny Dölle, Peter Buysse en Oebele Schokker. Quick '20 skeat ek nochris yn eigen goal. Mei noch twa wedstriden te gean stiet De Jouwer no op it alfde plak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)