De Jouwer bekert fierder

02 apr 2009 - 21:46

SC De Jouwer hat him tongersdei pleatst foar de kwartfinale fan it toernoai om de noardelike beker. De Jousters wûnen mei 3-0 fan Snits Wyt Swart. Yn de earste helte waard it 2-0 troch René Geertsma en Oane Hornstra. Snits miste yn de twadde helte in strafskop. Yn de slotfaze waard it 3-0 troch Nico de Jong.

By de lêste acht om de noardelike bekerstriid sitte trije Fryske klups. Neist De Jouwer binne dat Drachtster Boys en Harkemase Boys.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)