De Jouwer - AGOVV: 3-2

07 des 2003 - 00:00

SC De Jouwer hat sneintemiddei mei 3-2 wûn fan AGOVV. Alle doelpunten foelen nei it skoft. Henk Herder en Dick Schuurman skoarden beide ien doelpunt foar De Jouwer. In spiler fan AGOVV sjitte de bal noch yn eigen goal.

Geert-Jelle de Vries krige 15 minuten foar de ein fan de wedstriid in reade kaart. Hy soe in tsjinstanner slein ha. Ek AGOVV spile de lêst fiif minuten mei in spiler minder. Cemil Usta krige nammentlik twa kear giel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)