De Jonge trainer De Graafschap

02 nov 2005 - 19:44

Assistint-trainer Jan de Jonge fan Sportklub Hearrenfean wurdt de nije haadcoach fan De Graafschap. Hy folget dêr âld-Cambuur trainer Gert Kruys op. De Jonge is dwaande mei syn fiifde seizoen as assistint-trainer by Hearrenfean. Earder al wie er twa jier trainer fan Emmen.

De Jonge begjint op 7 novimber by syn nije klub. Hy wurket dêr gear mei âld-Cambuurtrainer Han Berger, dy't technysk direkteur is by de Superboeren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)