De Jonge nei Hoogezand

19 des 2012 - 07:16
  • Peter de Jonge

Peter de Jonge wurdt de nije boargemaster fan Hoogezand-Sappemeer. Dat meldt it Dagblad van het Noorden woansdeitemoarn. De Jonge naam ferline jier nei 18 jier ôfskied as boargemaster fan de gemeente Hearrenfean.

De beneaming yn Hoogezand-Sappemeer is foar in jier en wurdt neffens it Dagblad van het Noorden letter woansdei offisjeel bekend makke. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)