De Jonge: doarpsskoalle net goed

09 jan 2004 - 00:00

Fryslân moat ta op in konsintraasje fan basisskoallen yn de gruttere plakken. Allinnich op dy wize kin ús provinsje de ûnderwiisefterstân op de rest fan it lân ynhelje. Dat fynt boargemaster De Jonge fan It Hearrenfean.

Osinga fan ûnderwiisbegeliedingstsjinst GCO-fryslân is net bliid mei De Jonge syn úspraak. Neffens him kinne der tal fan oarsaken wêze fan min of goed ûnderwiis. De grutte fan de skoalle hoecht dêr gjin rol yn te spyljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)