De Jong wrâldkampioen allround

08 mrt 2014 - 16:45

Antoinette de Jong út Rottum is sneon wrâldkampioene allround by de junioaren wurden. Yn it Noarske Bjugn wûn De Jong de ôfslutende 3 kilometer. Dêrtroch kaam har foarsprong fan goed 3 sekonden op de nûmer twa Melissa Wijfje net mear in gefaar. It twadde plak op de 3000 meter wie foar Wijfje, dy't dêrmei ek as twadde einiget yn it einklassemint.

De 3 kilometer waard in folslein Nederlânsk feestje want Jade van der Molen einige as tredde. Yn it einklassemint wie it brûns foar Yelizaveta Kazelina út Ruslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)