De Jong wiziget basis Cambuur

28 mrt 2013 - 12:18

Henk de Jong fiert in oantal wizigings troch yn de basisopstelling fan SC Cambuur. Keeper Leonard Nienhuis stiet op goal yn stee fan Dennis Telgenkamp en Oebele Schokker spilet op it middenfjild op it plak fan Erik Bakker.

De Jong naam dizze wike de taken oer fan Alfons Arts, dy't dien krige. 'Der moast ek wat feroarje, oars hie Alfons ek wol bliuwe kind', sa seit De Jong. Opstelling Cambuur: Nienhuis, Droste, Bakens, Van der Laan, Bijker, El Makrini, Schokker, Rose, Tighadouini, Hemmen en De Leeuw.

Leonard Nienhuis is neffens De Jong better yn it coachen achteryn. De keeper, dy't no hierd wurdt fan FC Grins, komt ek yn oanmerking foar in kontrakt foar takom seizoen. 'Ek mei it each op de takomst meitsje we dêrom dizze kar', seit De Jong.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)