De fiifde Rink van der Velde-priis is woansdei wûn troch skriuwer Ferdinand de Jong fan Boarnburgum mei it boek It dak fan de wrâld. De literêre priis wurdt ien kear yn de twa jier útrikt foar in boek yn it Frysk of yn in Fryske streektaal dat in breed lêzerspublyk oansprekt. Ek moat it boek yn de geast fan de yn 2001 ferstoarne Rink van der Velde skreaun wêze.
De Jong krige de priis yn it gemeentehûs yn Drachten út hannen fan wethâlder Ketelaar fan Smellingerlân.
De winner krijt 1250 euro en in byld fan keunstner Anne Woudwyk.
|
Brân by Lankhorst yn Snits
17 mei 2012 - 12:50 |
|
Frou omkaam by brân Kollum
17 mei 2012 - 10:24 |
|
Blomkemerk Ljouwert los
17 mei 2012 - 09:07 |
|
Nei 16 jier wer in nij skip
16 mei 2012 - 20:44 |
|
Rom baan foar Keninginne
17 mei 2012 - 15:49 |
Wat fine jo derfan?
antwurdapparaat: 058 7009 777
Of fol hjir it formulier yn.