De Jong wint gersbaanrace

22 okt 2006 - 16:29

Jannick de Jong fan De Gordyk is yn it Drintske Roden Nederlânsk kampioen gersbaan wurden. Yn de finale wie er de rapste by de start en hy joech de kopposysje net mear út hannen.

Dirk Fabriek fan Jobbegea waard twadde yn de finale en pakte dêrmei yn it algemien klassemint ek it sulver. It is foar Jannick de Jong in fantastysk jier, want hy waard ek al Nederlânsk kampioen speedway.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)