De Jong: 'Swier teloarsteld'

09 feb 2014 - 15:05
  • Antoinette de Jong yn'e 3000 meter yn Sotsji
  • Antoinette de Jong waard 7de op har Olympysk debút
  • Antoinette de Jong is net tefreden oer har eigen race

De 18-jierrige Antoinette de Jong fan Rottum wie sneintemiddei swier teloarsteld mei har sânde plak by har Olympysk debút op de 3 kilometer yn Sotsji. De Jong kaam yn de lêste rit yn aksje en wist dêrtroch krekt wat se ride moast foar in poadiumplak. De Rottumse sette goed útein, mar liet de rondetiden oan de ein tefolle oprinne, wêrtroch se úteinlik in achtste tiid klokte (4.06.77). 'Ik ha myn dream net wiermeitsje kinnen', sei se.

Troch diskwalifikaasje fan de Poalse Katarzyna Bachleda klom De Jong noch in plakje yn de definitive einstân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)