De Jong rydt wrâldrekôr

08 nov 2013 - 21:33
  • Antoinette de Jong

Antoinette de Jong fan Rottum is freed by de wrâldbekerwedstriden reedriden krekt neist it poadium fan de 3000 meter einige. De reedrydster waard fjirde yn in tiid fan 4.00.56. Dat wie wol in nij wrâldrekôr foar junioaren. Jorien Voorhuis waard fiifde, Yvonne Nauta fan Twellingea mei in pr (4.03.50) sechsde.

Ireen Wust is op dizze ôfstân tredde wurden yn 3.59.68, Linda de Vries njoggende. De ferrassende winneres waard Claudia Pechstein yn 3.59.04.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)