De Jong-reüny yn Amearika

25 jun 2009 - 19:40

Fiifensechstich Friezen reizgje heal july ôf nei Amearika, om dêr nei in reüny te gean. It giet om in reüny fan neikommelingen fan Lieuwe en Tjitske de Jong. Dy emigrearren yn 1894 mei sân fan har acht bern fan Fryslân nei Amearika.

Der binne meielkoar 1.500 neikommelingen, 400 fan har komme nei de reüny yn it stedsje Lynden. Dy reüny wurdt hâlden fanwege it 400-jierrich bestean fan New York.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)