De Jong praat mei Hearrenfean

21 mrt 2009 - 11:23

De Graafschap oanfaller Luuk de Jong hat in earste oriïntearend petear hân mei de direksje fan SC Hearrenfean. De Feansters hawwe de jonge fuotballer noch gjin oanbieding dien.

De 18-jierrige oanfaller dy't dit seizoen defintyf trochbrutsen is by de Superboeren stiet ek noch yn de belangstelling fan ûnder oaren FC Twente en FC Utrecht. De jongere broer fan Ajacied Siem de Jong makke dit seizoen oant no ta twa doelpunten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)