De Jong pakt winst yn Balkbrug

01 apr 2013 - 17:59
  • It poadium

Gersbaanracer Jannick de Jong fan De Gordyk hat peaskemoandei de ynternasjonale gersbaanrace yn Balkbrug wûn. Yn in spannende finale wist er Mark Stiekema út Stadskanaal en Dirk Fabriek fan Jobbegea knap foar te bliuwen. Beide mannen waarden respektyflik twadde en tredde. It fjirde plak wie foar de Dútser Stephan Katt.

De finale waard tekene troch averij yn de lêste ronde, doe't Jeffrey Woortman de Dútser Matthias Kröger rekke. It levere Woortman diskwalifikaasje op, Kröger koe net fierder. Kröger waard úteinlik fyfde, Woortman sechsde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)