De Jong pakt titel mei DOS '46

05 apr 2014 - 17:58

Kuorballer Jetze de Jong fan Aldegea Smellingerlân hat sneon by de kuorbalfinales yn Ahoy de Nederlânske junioaretitel pakt mei syn ploech DOS '46. Yn de finale wûnen de Nijeveense kuorballers mei 25-20 fan PKC. Fan begjin ôf oan wie DOS'46 de bettere ploech. By rêst stie der in 12-9 foarsprong op it boerd.

Yn de twadde helte kaam PKC werom oant 12-11. Doe wie it op 'e nij DOS'46 dat it fizier op skerp hie en ienfâldich útrûn nei 23-16. Dêrmei wie it ferset brutsen by PKC. Jetze de Jong tekene foar trije doelpunten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)