De Jong oerwaget stappen

28 mrt 2012 - 14:28
  • Steven de Jong

Filmmakker Steven de Jong is poer oer de útspraak yn it koart pleit oer de ferfilming fan "Janey, kind van de rekening". De rjochter ûntduts op 37 punten oerienkomsten mei twa besteande romans en oardiele dat De Jong oan plagiaat docht.

De Jong seit yn in koarte telefoanyske reaksje dat er sa gjin films mear meitsje kin. Hy wol him net by de útspraak dellizze en oerwaget fierdere juridyske stappen. Op syn site hat er sels oankundige dat er syn bedriuw ferkeapje wol.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)